Woudweg 17, Noardburgum
T 0511 - 47 55 66 | E info@heidestate.nl
teaser
teaser
teaser
teaser
teaser
teaser

Om Heide State hinne

Der is fan alles foar jong en âld te dwaan om Heide State hinne. De pleats leit op noch gjin twa kilometer fan it prachtige natoergebiet “Sippenvennen” ôf.  Dit natoergebiet kinne jo op it wetter mei de kano of de “lústerboat” ferkenne. Kuierje of fytse jo leaver? Yn de omjouwing binne diverse rûtes û.o. troch it “Otto-Wiersma reservaat en “de Houtwiel”. Jo fine se yn de ynformaasjemap op Heide State.


Yn ien dei nei Skiermuontseach ta is hiel goed te dwaan fan Heide State ôf. Yn minder as 30 minuten steane jo op de pier yn Lauwerseach dêr ’t de boat jo meinimt nei dit prachtige Waadeilân ta.
Hâlde jo fan winkeljen? Yn Feanwâlden sa’n twa kilometer fan de pleats ôf stappe jo op ‘e  trein nei Grins of Ljouwert ta.

 

Of hawwe jo altiten al alle Alfstêden oan dwaan wollen? Dokkum leit mar trettjin kilometer fan de pleats ôf.


En de bern? Dy sille har tige goed fermeitsje kinne yn it attraksjepark “Sanjesfertier” te Feanwâlden of yn it dierepark Aquazoo flakby Ljouwert.

Supermerke 2 kilometer
Ferskillende ytgelegenheden 2 kilometer
Oerdekte swimbaden yn de direkte omjouwing
Dierepark Aquazoo by Ljouwert 13 kilometer
Attraksjepark “Sanjesfertier” 3 kilometer